Home     Grasduinen     Over     Zoektips     FAQs     Disclaimer     Meertens Instituut         english

Nederlandse Liederenbank


1. Myn âlde ta sei lest tsjin my,
Ik wit in goeie famd for dy,
Dir moste mar mei trouje. (bis)

2. It wachtsen dorret nûlang genôch,
Gin nei dyn famd en sprek nû ôf,
Wannear geest mei hjar trouje. (bis)

3. Myn famd?, sei 'k da, 'k wit nerges fan,
Ik hab noch noait in famke hawn,
En nûmot 'k sò mar trouje? (bis)

4. Myn jonkje, sei niet last tsjin mie,
Ik hab in famke socht for dy,
En daar most doe mei trouje. (bis)

5. Och ta, sei 'k da, wol ta net gean,
Ik dûr gyn famke yn d'eagen sjean,
Noch feulste minder trouje. (bis)

6. Us ta gong dalik dirop út,
En stapte rocht nei Lysbet Pût,
Want dirmei most ik trouje. (bis)

7. Wol ja, sei Lysbet, 'kbin net bang,
Lit him mar komme: 'k wachts'al lang,
En wol wol graech rys trouje. (bis)

8. Nû waes 'r niks mear oan to dwean,
Of 'k wou of net, ik most nû gean,
En freie hjar to troujen. (bis)

9. Dir stong ik for myn famd hjar hues,
En tocht, ik wou, hja waes net tues,
Sò bang bin ik for troujen. (bis)

10. Ik hie gyn droege tried oant liif,
As 'k sei tsjin Lysbet, do wòst myn wiif,
Us ta wol, dat 'k dy trouje. (bis)

11. Kom diryn, seise, set dy dêl,
Gin nei de âlde en fortêl,
Dasto mei my wost trouje. (bis)

12. De âlde chou in stoel by 't fjur,
En 'k spriek mei him wol oer it ûr,
Altyd mar troch fan troujen. (bis)

13. As d'âlde klok sloech njoggen ûr,
Da sei de âlde, dat 't bêdtiid wûr,
Mar net for hwa wou trouje. (bis)

14. Myn Lysbet schou hwat tichterby,
Ik fong dat wol hwat errich fry,
En sei, is dat nû troujen? (bis)

15. Ei, mâlle jonge, sei se da,
Dir moste krek in famd for ha,
Want erder kanst net trouje. (bis)

16. Ze koom sò akelich tichteby,
Dat 'k tocht, wat wol dy famd fan my,
Wol se nû al mei trouje? (bis)

17. 't Sweet briek my út, ik kû net mear,
Ik wol nei hús to, 'k bin so near,
Dat komt fan al dat troujen. (bis)

18. Da sei se in word, dat 'k net forstong,
Mar 'k ljouw, dat se my in ezel fong,
En toch wou sie mei trouje. (bis)

19. Och Lysbet, sei 'k, ik kry pin 'yn 't liif,
Myn tong wordt yn myn mule stiif,
'k Bin toch sò bang for troujen. (bis)

20. Ast bang bist, seise en gong stean,
Dan most mar gau nei dyn mim to gean,
Hast gyn forstân fan troujen. (bis)

21. Noch noait hab 'k flein as op dy jong,
Noch noait sò moai ús húske fong,
Noait gin ik wer út troujen! (bis)

Onder de Groene Linde: opnamebestand
[1950-1986]
Amsterdam MI: OPN OGL

Transcriptie door Simon Groot naar afschrift NVA.